Muziektheater Martzen
Muzykteäter Martzen spilet him gruttendiels ôf yn de Fryske wâlden. Om krekt te wêzen: op de Noardermar ûnder Burgum. It is it jier 1816 at ûnferwachts in jonge tsjinstfaam har oantsjinnet op de pleats fan Binne en Gjil op de Noardermar. Se is amper 18 jier âld en siket wurk. Martzen Remmelts de Bosch. It ferhaal dat him geandewei ûntwikkelet giet oer it libben fan in jong famke dat har libben stal jaan moat yn in ûnwisse wrâld. Begrippen as jild en earmoed, macht en machteleasens, frijhyd en ôfhinkelikhyd, it binne tsjinstelde wurden dy’t ek hjoeddedei noch altyd aktueel binne. De foarstelling kombinearret muzyk en sprutsen wurd, humor en earnst ta in ôfwikseljend gehiel. It publyk wurdt meinaam yn in wier bard histoarysk ferhaal, dat him ôfspilet op ‘it skaakboerd fan it libben’.
It stik en de muzyk binne skreaun troch Henk Vriesema, de regy is yn hannen fan Geja van Dam mei assistinsje fan Atsje Lettinga. De spilers en meiwurkers komme gruttendiels út Burgum.
It stik en de muzyk binne skreaun troch Henk Vriesema, de regy is yn hannen fan Geja van Dam mei assistinsje fan Atsje Lettinga. De spilers en meiwurkers komme gruttendiels út Burgum.