Aanpassingen bij bushaltes
(info van de gemeente)
De gemeente Tytsjerksteradiel hat as doel dat ein 2010 40 oant 45 persint fan de bushalten tagonklik binne. Dêrfoar wurde de halten heger makke, sa wurdt it ienfâldiger om de bus yn te kommen. Benammen foar minsken dy't net goed mear rinne kinne en foar minsken mei in rollator of bernewein is dat in grutte ferbettering.
Neist it oanpassen fan de hichte, wurdt ek markearring oanbrocht. Swart-wite tegels jouwe oan wêr't de halte is. Ribbeltegels soargje derfoar dat ek minsken dy't gjin goed sicht mear hawwe, fernimme kinne wêr't te bus stilhâldt.
It oanpakken fan de halten klinkt as in ienfâldich putsje, mar is faak dreger as dat it liket. Net oeral is it mooglik de halte omheech te bringen en dêrby ek noch in goede lingte te jaan. Yn Burgum hawwe wy dy problemen gelokkich net. Wol is der yn de hjoeddeiske situaasje in oar probleem mei de halte op de Tjalling H. Haismastraat by it swimbad: de haltekûm is te koart om de bus goed parkearje te kinnen, langer meitsjen is net mooglik. It hat net folle doel in halte heger te meitsjen wêr't de bus net rjocht foar stean kin. Dêrom hawwe wy besletten dy spesifike haltekûm smeller te meitsjen. De bus kin dan wol rjocht foar de bân stilhâlde. Troch de oanpassing stiet de bus tenei heal yn de haltekûm, en heal op de dyk. Foar it autoferkear bliuwt it dêrtroch mooglik de bus foarby te riden. De provinsje past dizze oplossing ek wolris ta, en hat ús melden dat dat goed wurket.
Neist de halte oan de Tjalling H. Haismastraat pakke wy ek de halte op de Kwekersstrjitte oan (beide kanten fan de dyk, fansels).
In krekte planning hawwe wy noch net: ôfhinklik fan levertiid fan it materiaal ein novimber of desimber.
Oare halten dy't wy fan't jier oanpasse, binne:
- Aldtsjerk (by Sminiastate)
- Gytsjerk (Rinia van Nautaweg, by it sintrum)
Mear ynformaasje
Wannear't jo noch fragen hawwe, kinne jo kontakt opnimme mei Jens Zeemans, gemeente Tytsjerksteradiel, tel. 0511 460904.