Agenda

donderdag 09-02-2012 20:30 tot uur

Merke Blues - Wergea

De Pleats

In Fryske spylfilm.

Wergea hat yn de rin fan 'e jierren behoarluk wat ûnderfining opdien mei grutte toniel- en muzykproduksjes. No is it neffens it doarp tiid foar wat nijs: in Fryske spylfilm.
 
Merke blues spilet him ôf yn it fiktive foarp Litsum dat gearstald is út ferskate fotosjenieke doarpen. It is it ferhaal fan in jongeman dy't nei acht jier un it bûtelân wenne te hawwen, werom giet nei Fryslân om wer ris in doarpsmerke mei te meitsjen.
Hy falt as in blok foar in frou d^r't syn broer in relaasje mei hie. Dizze broer is eartiids by in autoûngemak om it libben kaam. Dit en de wize werop dat doe gongen is stiet de leafde tusken dizze beide jonge minsken gâns yn it paad. Tsjin de êftergrûn fan it feest, dêr't de meast kleurrike figueren omstappen, besykje hja mei it ferline ôf te rekkenjen. Prachtige bylden gan Fryslân, har doarpen en har minsken.

Neist it fertoanen fan de film komme der ek in pear spilers met om oer harren erfarings mei dit bysûndere projekt te fertellen.

Oanfang: 20.30 oere (Grutte seal)
Tagong: € 7,50